Eaststellingwerver filmet mei ferburgen kamera ûnder rokjes

22 apr 2015 - 10:15
  • Kameralins

In 48-jierrige ynwenner fan Eaststellingwerf is tiisdeitemiddei yn in winkel yn Grins oanhâlden, omdat hy mei in ferburgen kamera by froulju ûnder de rokken filme. De man hie spesjaal foar dat doel in tas preparearre. Dochs waard er yn in skuonwinkel trapearre.

Neffens in tsjûge hie de man earder op de merk yn Grins ek al oan it filmjen west. Doe't er dêrop oansprutsen waard, naaide de man út. Tsjin de stikeme filmer is proses-ferbaal opmakke. Der wurdt ûndersocht of hy psychiatryske help krije kin. Syn kamera is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)