Eaststellingwerf ynvestearret

14 jun 2006 - 16:04

De gemeente Eaststellingwerf sil de kommende 3 jier jild frijmeitsje foar it stimulearjen fan wurkgelegenheid, rekreaasje en toerisme yn de gemeente. Dat stelt it gemeentebestjoer yn de Kadernota 2007 - 2010.

Eaststellingwerf wol bygelyks de regeljouwing ferienfâldigje om dêrmei de ûndernimmers mear temjitte te kommen. Ek moatte bedriuweterreinen opknapt wurde en rekreative rûtes oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)