Eaststellingwerf wol tûzenpoat

27 apr 2005 - 10:22

De gemeente Eaststellingwerf siket in tûzenpoat as nije boargemaster. Yn de list mei easken wurdt ûnder oare steld dat de nije boargemaster ynspirearend, diedkrêftich, aktyf en dynamysk wêze moat en mei ferfrissende ideeën opkomt foar de belangen fan de bewenners.

De fertrouwenskommisje hat de profylskets tiisdei oan de ried en kommissaris Nijpels presintearre. It makket net út oft de nije boargemaster man of frou is of polityk ûnderlein is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)