Eaststellingwerf wol stipe hawwe foar archeologyfûns

31 mrt 2016 - 20:23
  • Op 2 april draait it yn Nijeholtpea (Weststellingwerf) om de metaaldetektor

Seis fan de acht partijen yn de gemeente Ooststellingwerf freegje it ryk en de provinsje om finansjele stipe foar it oprjochtsen fan in archeologyfûns. De fraksjes OoststellingwerfsBelang, PvdA, Groen Links, de ChristenUnie, Stellingwerf Plus en it CDA hawwe yn in brief rjochting fraksjefoarsitters yn de Twadde Keamer om in bydrage frege.

Se fine dat it feilichstellen fan archeologyske fynsten hieltiid wichtiger wurdt. Om't it in saak fan algemien belang is soe de oerheid bydrage moatte.

Kosten

"Vondsten vertellen immers iets over de historie van ons land en zijn bevolking," sa ferklearje de partijen. Neffens de briefskriuwers draaie no de finers fan archeologyske fynsten en plannemakkers op foar de kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)