Eastmahorn hat wer stroom

05 nov 2010 - 17:59

De 40 oant 50 bewenners fan it rekreaasjepark Eastmahorn by Eanjum ha wer stroom. Der soe in needaggregaat oansletten wurde, mar dat is úteinlik dochs net trochgien om't dat te djoer wurde soe.

De bewenners krije no wer stroom fia de âlde ferbining. Dit is lykwols in tydlike oplossing om't de bewenners graach yndividueel betsjinne wurde wolle. De oanlis fan sa'n definitive oplossing duorret yn elts gefal sa'n acht wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)