Easterwâldster oanhâlden foar mishanneling man út Assen

30 mrt 2015 - 12:10

In 33-jierrige man út Easterwâlde is sneintejûn oanhâlden foar mishanneling fan in 30-jierrige man út Assen. De Assener wie op besite by in 26-jierrige frou út Easterwâlde, doe't de 33-jierrige man út Easterwâlde delkaam en harren bedrige. De frou gie nei de buorlju om help.

De man út Easterwâlde hie de auto fan de Assener fernield, sa die bliken. Doe't de Assener sei dat er oanjefte dwaan soe, skopte en sloech de Easterwâldster him.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)