Easterwâlde-Súd op 'e skeppe

15 aug 2003 - 00:00

Yn 'e wyk Easterwâlde-Súd binne tongersdei renovaasjewurksemheden út ein set. Bewenners fan 'e wyk hawwe fan it begjin ôf by de plannemakkerij foar de opknapbeurt belutsen west.

De ynspraak fan 'e bewenners giet oer hoe't de wyk derút komt te sjen. It giet dan benammen om de ynrjochting fan in krúspunt en de hofkes. De werynrjochting duorret mar leafst 3 jier. Nei alle gedachten is Easterwâlde-Súd yn 2006 wer klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)