Easterwâlde hopet op rêst

11 apr 2013 - 15:45
  • Marijke Heijltjes

Easterwâlde is bliid dat de fertochte fan de moard op Marijke Heijltjes woansdei oanholden is. Boppedat liket de man ek de dieder fan in grut tal oerfallen yn de regio. Boargemaster Oosterman hopet dat de rêst no wer weromkeart.

As it noadich is wol hy de doarpsbewenners fan De Fochtel, dêr't de fertochte wennet, sosjale opfang jaan. De sfear is dêr ôfwachtsjend. De fertochte en syn âlden libben isolearre fan de mienskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)