Easterwâlde bewapenet Molukken

27 jul 2000 - 18:06

De kristlike Molukse mienskip yn Easterwâlde sammelt jild yn foar famyljeleden op 'e Molukken. Doel is dat dy dêr wapens mei keapje om har te ferdigenjen tsjin it Indonesyske regear.

Wurdfierder Matita fan de mienskip tinkt dat allinne mei wapens oerlibbe wurde kin op it eilân. De gemeente Eaststellingwerf neamt de jildynsammeling yllegaal en nimt der ôfstân fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)