Easterwâlde: 22 nije hierhuzen

06 aug 2011 - 14:22

Yn Easterwâlde wurde de kommende dagen 22 nije hierhuzen oplevere op it terrein fan it âld molkfabryk. Dêr soene earst keaphuzen komme. Fanwege de ekonomyske krisis wie dêr gjin fraach nei. Dêrop waard besletten hierhuzen te bouwen.

De gemeente Eaststellingwerf joech foar de bou fan de hierwenten subsydzje út in potsje fan de krisis- en herstelwet. De fraach nei de hierhuzen is grut. Foar de 22 huzen hawwe harren 85 minsken oanmeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)