Eastersee wol ôf fan fabryk

08 okt 2001 - 00:00

De ynwenners fan Eastersee ha har nocht fan it âld suvelfabryk yn it doarp. De eigner hie yn maart al tasein dat it gebou delhelle wurde soe, mar it stiet noch hieltyd.

De bewenners fine it gebou gefaarlik en boppedat in suterich gesicht yn it doarp. Om wat gong yn de saak te krijen giene se moandei nei it gemeentehûs dêr't B en W mei de eigner praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)