Eastermar trapet net yn grap

01 apr 2014 - 16:50

Bewenners fan Eastermar trapen net yn de 1 aprilgrap fan de Stichting 100 jier Dam Jaarsma. It doarp waard frege te helpen mei it útladen fan in frachtwein, mei dêryn santjintûzen samle folksferhalen fan de Fryske skriuwer Dam Jaarsma. It wie in grap fan it stichtingsbestjoer, om oandacht te freegjen foar de start fan it Dam Jaarsma jier. Jaarsma skreau wol tûzenen folksferhalen en wie ek in grut samler fan âlde objekten. De omkesizzer fan Dam Jaarsma hat de folsleine kolleksje yn behear.

Dam Jaarsma waard berne yn 1914 en tekene al op jonge leeftiid folksferhalen út de Fryske Wâlden op. Tûzenen fan dy folksferhalen binne troch it Meertens Institút dokumintearre en publisearre op ynternet. Neffens stichtingsfoarsitter Iris Rusz is de sammling fan Jaarsma hiel belangryk foar Fryslân. Jaarsma hie in brede ynteresse. Neist âlde boeken binne der ek allegear oare saken te bewûnderjen. Op 11 april giet it Dam Jaarsma jier offisjeel fan start mei de ûnbleating fan in gevelstien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)