Easterein wint Ald-Meiers

04 aug 2007 - 16:38

It partoer fan Easterein is sneon oertsjûgjend winner wurden fan de Ald-Meiers keatspartij yn Hitzum. Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra fersloegen Michelle Bruinsma, Jacobien Postma en Freerkje Walsma fan it partoer fan Boalsert mei 5-1 en 6-2.

Boalsert wie mei in steand nûmer yn de finale kommen. Easterein fersloech yn de heale finale Jannie Visser en Grada van der Schoot fan Seisbierrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)