Easterein op Skylge kriget 40.000 euro foar toeristen

04 nov 2015 - 16:48
  • Easterein

Easterein op Skylge krige hast 40-tûzen euro fan it provinsjale fûns Streekwurk foar toeristefoarsjennings. Der binne plannen foar meartalige fyts- en kuierrûtes, ynformaasjebuorden, picknicktafels, bankjes, paadwizers, bushokjes en in rolstoel op sinne-ernzjy. It doarp wol ek graach UNESCO-wrâlderfguod-flaggen hawwe, dêr't Waad ûnder falt.

Mei-elkoar binne de kosten 78.000 euro. Mear as helte is no binnen en in diel moat de tritich pleatslike ûndernimmers betelje. Doel is dat de plannen takom jier útfierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)