Easterbierrumers rûtse by seedyk del op selsmakke glydbaan

05 jul 2015 - 16:07
  • Op de selsmakke glydbaan by de seedyk del by Easterbierrum

Tsjustere wolken koene de jongerein fan Easterbierrum net tsjinhâlde om snein in gigantyske glydbaan by de seedyk del te meitsjen. Se kamen op it idee doe't se op YouTube-filmke fan in selsboude glydbaan yn Amearika seagen. De baan bestiet út lânbouplestik dat glêd hâlden wurdt mei help fan in wetterslang. Twa trekkers hâlde it plestik op syn plak.

It is no de twadde kear dat de Easterbierrumer jeugd oan it dykglydzjen is op in selsmakke baan. De foarige kear kamen der sa'n 150 man op ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)