Easterbarren yn Eastermar

05 aug 2003 - 00:00

Eastermar stiet de lêste sneon fan augustus yn it teken fan Easterbarren. Foar de tredde kear wurdt it strjitfestival hâlden. Muzikanten, toanielspilers, dûnsers, skilders en oare artysten litte har keunsten sjen.

Neist optredens fan Adri de Boer en Gurbe Douwstra wurde ek demonstraasjes jûn fan âlde ambachten, lykas glêsblaze. De bern kinne ferklaaid komme en mei it skûtsje De Lytse Earnewâldster kin in ein fearn wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)