East-Friezen leare wer Frysk

06 jan 2004 - 00:00

Yn it Dútse Ostfriesland is it Frysk al sa'n 500 jier útstoarn. Dochs nimt de belangstelling foar de taal wer ta, want dizze winter binne der op twa plakken kursussen East-Frysk. De kursussen wurde oanbean troch de folkshegeskoallen fan Emden en Leer.

De lessen wurde fersoarge troch lesjousters út Seelterlân. Yn Seelterlân prate sa'n tûzen minsken in fariant fan it Frysk, dy't in soad op it útstoarne East-Frysk liket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)