Easken yn Ljouwerter sedesaak

09 nov 2001 - 00:00

Yn de Ljouwerter sedesaak binne freed de easken tsjin de fertochten bekend makke. Tsjin de haadfertochte is 6,5 jier en TBS easke. Hy soe tsien bern misbrûkt ha. Dêr wiene twa fan syn eigen bern by.

Tsjin de frou fan de haadfertochte is trije jier sel en TBS easke. In tredde en fjirde fertochte hearden twa jier mei TBS en oardel jier easkjen. De saak spile yn de Ljouwerter Seeheldebuert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)