Easken oan útwreiding Aqua Zoo

25 aug 2009 - 15:19
  • Aqua Zoo soe allinnich rjochting Grinzerstrjitwei útwreidzje meie

Bistepark Aqua Zoo yn Ljouwert mei as it oan de riedskommisje stedsûntwikkeling leit net útwreidzje yn de rjochting fan de Lytse Wielen. De kommisje koe it net iens wurde mei dit foarstel fan it kolleezje. Neffens harren giet troch de utwreiding tefolle rekreaasjegebiet ferlern.

Aqua Zoo mei wol rjochting de Grinzerstrjitwei útwreidzje dêr't it park no har parkearterrein hat. De ried nimt ynkoarten in definityf beslút oer de útwreiding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)