Easken Fryske les nei ûnderen?

08 des 2004 - 10:24

De kâns is oanwêzich dat de easken foar it Frysk op de basisskoallen nei ûnderen bysteld wurde. Op dit stuit wurdt ûndersocht hoe't it sit mei de behearsking fan it fak Frysk by de bern. Op grûn fan de resultaten sil de provinsje besjen oft de 'kearndoelen' foar it Frysk ek bysteld wurde moatte.

De resultaten fan it ûndersyk komme yn oktober 2005. De ûnderwiisynspeksje hâldt al rekken mei it bystellen fan 'e kearndoelen foar it Frysk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)