Easken bou Thialf bekend

12 jul 2013 - 11:44
  • In ympresje fan it nije Thialf

De boubedriuwen dy't it nije Thialf op It Hearrenfean bouwe wolle, moatte maatskiplik ferantwurde wurkje. Dat is ien fan de easken fan de provinsje, dy't de opdrachtjouwer fan de nijbou is. As bedriuwen jongerein en hendikepte minsken by it projekt belûke, dan krije se mear punten yn de oanbesteging. Oare seleksjekriteria binne ûnder mear it hawwen fan ûnderfining mei it bouwen fan topsportlokaasjes en duorsumens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)