Eask yn saak-Castricum

24 jan 2006 - 21:21

Tsjin in Dokkumer (28) is tsien moanne selstraf easke foar in oerfal op in frou yn Castricum yn july 2002. De man siet sûnt ferline jier oktober fêst foar autostellerij. Syn DNA makke him ek fertocht yn de saak-Castricum.

De frou krige by de oerfal in ein tou tsjin de hals oan drukt. Doe biet se de oerfaller yn 'e finger en naam sa in stikje fel mei. Dat wie essensjeel bewiismateriaal. De rjochtbank yn Ljouwert behannelet de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)