Eask tolve jier yn saak-Tingen

17 jan 2001 - 11:12

Yn it heger berop is tiisdei tolve jier selstraf easke tsjin Angelique van E. út Waskemar. It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert fynt har skuldich oan deaslach fan Risanne Tingen (1) út Appelskea.

De eask is basearre op de ferklearring fan de buorman fan de famylje Tingen. Hy soe Van E. sjoen hawwe. De rjochtbank spruts Van E. earder frij fanwege tsjinstridige ferklearrings fan dy buorman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)