Eask selstraf foar Cambuurfans

30 jun 2014 - 14:05
  • Frouwe Justitia

It Iepenbier Ministearje hat moandeitemoarn finzenisstraffen easke tsjin fjouwer Cambuursupporters. Sy wiene belutsen by de ûngeregeldheden by it Ljouwerter Cambuurstadion nei de oerstap fan trainer Dwight Lodeweges nei SC Hearrenfean. Se bedrigen ûnder oare de trainer. As heechste straf easke it Iepenbier Ministearje seis moanne sel, wêrfan trije ûnder betingst.

Yn juny waarden ek al Cambuursupporters feroardiele ta selstaffen foar de opskuor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)