Eask Ingels as memmetaal kin net

27 apr 2001 - 00:00

Personielsadvertinsjes dy't freegje om Ingelsk as memmetaal binne in foarm fan diskriminaasje. Dat seit de Grykse Europeesk Kommissaris Anna Diamantopoulou.

Hieltyd mear Europeeske organisaasjes sykje 'native speakers' en slute sa de measte Europeanen út. Easkje dat minsken goed Ingelsk prate mei, mar easkje dat it har memmetaal is is yn striid mei de regels, seit de Europeeske Kommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)