Eask foar grutte brân Snits

30 jun 2004 - 10:20

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is 2,5 jier sel easke foar brânstichting. In swalker (45) wurdt derfan fertocht de grutte brân yn it sintrum fan Snits oanstutsen hat. Dat wie yn jannewaris. Trije winkels baarnden dêrby út.

De fertochte hie wol in brantsje makke yn 'e stege om waarm te wurden, mar hy seit dat er dat úttrape hat. Doe't er de grutte brân ûntduts, hat er earst noch besocht dy út te meitsjen en dêrnei de plysje warskôge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)