Eask foar deadlike oanfarring

25 sep 2014 - 16:21

It Iepenbier Ministearje hat in wurkstraf fan 170 oere easke tsjin de skipper dy't ferline jier op it Prinses Margrietkanaal by Grou mei syn frachtskip tsjin in kruser oan fear. By it ûngelok kamen in 64-jierrige frou en har man fan 67 út Lottum om it libben.

De skipper wurdt derfan beskuldige dat er 13 yn stee fan 12 kilometer yn de oere fear en dat er de mêst fan it skip omdel hie. Dêrtroch wurke de kamera foarop it skip net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)