Eask fan 4 jier foar Drachtster

13 okt 2000 - 09:22

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is tongersdei fjouwer jier sel easke tsjin in 20-jierrige Drachtster. De man hat fan 't simmer twa oerfallen pleegd, op in busstasjon en in tankstasjon.

Dêrnjonken hie de man ek noch ris achttjin ynbraken en in gefal fan heling op syn gewisse. Ien fan de misdieden begie er yn de proeftiid fan in eardere straf. De útspraak is oer fjirtjin dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)