Eask bliuwt 30 jier foar moard

11 maaie 2009 - 17:15
  • Murkje de Vries waard febrewaris 2008 deasketten

Justysje bliuwt by de eask fan 30 jier sel tsjin de 44-jierrige man fan De Harkema. Hy wurdt fertocht fan it deasjitten fan Murkje de Vries út Koatstertille, febrewaris 2008. De fertochte hie flak foar syn died antydepressiva ynnaam.

De rjochtbank woe de man noch net feroardielje, omdat dy medisinen him mooglik gewelddiedich makke hienen. Moandei binne by de rjochtsaak ferskillende saakkundigen heard, mar dy wienen it net mei-inoar iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)