Eask 6 moanne foar fatale brân

16 sep 2014 - 15:04
  • De kachel dêr't de brân mei begongen is

It Iepenbier Ministearje hat 6 moanne sel easke tsjin de 39-jierrige fertochte fan de fatale brân oan De Kelders yn Ljouwert. It IM ferwyt de man brân troch skuld. De fertochte út Drachten hat ûnfoarsichtich west en hat skuld oan it ûntstean fan de brân dêr't in 24-jierrige studint by om it libben kaam.

It fjoer ûnstie yn in gaskachel, dy't de fertochte op Marktplaats kocht hie. Neffens it IM wie de kachel net geskikt foar de ferwaarming fan in winkel en hie ek noait op dit plak stean mochten. De kachel stie te ticht by de klean.

Boppedat wie de kachel net goed oansletten op de gasflesse. De fertochte, dy't de kleanwinkel runde, hie neffens it IM derfoar soargje moatten dat de cv de winkel ferwaarme. Sa'n ynstallaasje wie der wol, mar die it net omdat it gas neffens de fertochte ôfsletten wie. Dochs giet it Iepenbier Minstearje út fan brân troch skuld mei deadlike ôfrin en gjin dea troch skuld.

De advokaat fan de fertochte, Piet Sipma, freget om frijspraak. Hy fynt dat de man optreden hat doe't er driigjend gefaar hearde. It feit dat der in gaskachel yn de winkel stie is neffens de advokaat net strafber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)