Eask 3,5 jier foar ferkrêfting

05 apr 2007 - 17:13

It Iepenbier Ministearje hat 3,5 jier sel easke tsjin de Grinzer (34) dy't der fan fertocht wurdt ein desimber in 13-jierrich famke ferkrêfte te hawwen by Eastrum.

It famke fytste moarns betiid oer de Tichelwei tusken Dokkum en Eastrum. De Grinzer soe it famke yn syn auto opwachte en dêrnei meinaam ha. Dêrnei is it famke misbrûkt. De man koe in dei letter al troch de plysje oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)