Eask: 30 moanne foar fjoerwurk

30 mrt 2012 - 10:39

It Iepenbier Ministearje hat yn heger berop 30 moannen selstraf easke tsjin de man (49) dy't earder troch de rjochtbank feroardiele waard foar de opslach fan 7000 kilo swier knal- en sierfjoerwurk yn in loads yn Snakkerbuorren. Ek doe krige hy 30 moannen selstraf oplein, mar hy gie dêr tsjin yn berop.

Neffens it Iepenbier Ministearje is der gjin reden foar in legere straf, omdat de loads yn in wenwyk stie en dêr gefaar wie foar de omwenners. Boppedat wie de loads net geskikt foar sa'n grutte partij swier fjoerwurk.

De útspraak yn it heger berop wurdt oer twa wike ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)