Eask 2,5 jier foar ferkrêfting

05 mrt 2009 - 17:36

Tsjin in 38-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitemiddei twa-en-in-heal jier sel easke yn ferbân mei ekstreem seksueel geweld. De man soe ein 2006 syn freondinne ferkrêfte ha. Hy die dat sa gewelddiedich dat se oant foar koart in stoma hie.

De fertochte ûntkent dat hy de dieder is. Ut tillefoangegevens hat bliken dien dat de man it slachtoffer koart foar de ferkrêfting in sms-ke stjoerd hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)