Eask 18 jier foar moard

15 mrt 2012 - 15:11

Foar de rjochtbank yn Ljouwert is achtjjin jier selstraf en TBS mei twangferpleging easke tsjin Elias B, foar de moard yn juny ferline jier op de 27-jierrige Aswintha Dijkstra fan Snits. Hy wurdt ek beskuldige fan besykjen ta moard omdat er in caravan yn de brân stutsen hie dêr't twa minsken leine te sliepen.

Op de rjochtsittng waard bekend dat de fertochte mei in krúsbôge en twa grutte messen it hûs fan Aswintha Dijkstra yngien is en har mei 17 messtekken om it libben brocht hat. Har twa bern fan 3 en 8 jier âld hawwe dat sjoen.

Aswintha Dijkstra wie de suster fan de eksfrou fan de fertochte. De fertochte lei yn skieding mei syn frou. Der wie al langere tiid rûzje yn de famylje. De fertochte is ûndersocht yn it Pieter Baansintrum. Dêr die bliken dat er in persoanlikheidsstoarnis hat en dat er fermindere tarrekkeningsfatber is. Der is kâns op herhelling. De rjochtbank docht oer twa wike útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)