Earsteklassers ferrasse op PC

04 aug 2004 - 18:53

It earsteklaspartoer Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniel Iseger hat foar in grutte ferrassing soarge op de 151ste PC. It partoer fersloech Jochum Bouma, Kor Zittema en Taeke Triemstra en helle sa de finale. De útslach wie 5-2, 6-2.

Bouma en dy hiene in goede start en kamen mei 2-0 foar. Doe begûn it partoer Abma te draaien en wie der gjin hâlden mear oan. Hja pakten seis earsten efter inoar. De oare finalisten binne Terpstra, Van Beem en Groenendijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)