Earstehelp Dokkum bliuwt ticht

08 des 2011 - 16:44

De earste help fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum bliuwt ticht. In petear tusken soarchfersekerder De Friesland en it aksjekomitee 'Red De Sionsberg' hat neat opsmiten. It aksjekomitee wol dat de earste help iepen bliuwt, om foar te kommen dat ek oare soarch út it sikehûs ferdwynt en dat it sikehûs úteinliks hielendal ticht moat. De Friesland bliuwt lykwols by syn stânpunt.

Sneon 10 desimber is in grutte manifestaasje yn Dokkum om de earste help te behâlden. In petysje dêrfoar is al mear as 10.000 kear ûndertekene. It aksjekomitee ferwachtet dat der tûzenen minsken op de manifestaasje ôfkomme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)