Earste winterfytsalvestêdetocht dit wykein

05 feb 2015 - 07:03
  • Fytsers yn de snie
  • Dielnimmers helje harren stempelkaart en GPS-systeem op

Fytse yn de winter wurdt hieltyd populêrder. Der wurdt ek mear en mear op ynspile troch de sektor. As bewiis dêrfan wurdt no snein de earste winterfytsalvestêdetocht holden oer in ôfstân fan 200 kilometer. Mei 500 dielnimmers is de tocht hielendal fol.

Takom wike sille plannemakkers út ferskate lannen yn it WTC ek noch prate oer fytse yn de winter ûnder it mom fan 'winter cycling congress'. Dêr wurdt sjoen nei de mooglikheden dat mear minsken ek yn de winter de fyts brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)