Earste winst Harkemase Boys

10 sep 2011 - 16:33
  • Foto: www.awfoto.nl

Harkemase Boys hat sneon tsjin Barendrecht de earste winst pakt fan it seizoen. Troch prachtige goals waard it 3-0 foar de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis.

Barendrecht starte gefaarlik, mar it wie Oebele Schokker dy't skoarde mei in skot fan 20 meter. Nei de tee skoarde Schokker op 'e nij, nei in prachtige pass fan Roel van der Meulen. Erik Eleveld skoarde dêrnei noch de 3-0, út in rebound fan de keeper út in frije traap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)