Earste winst foar Hearrenfean

21 aug 2010 - 22:59
  • (foto: Martin de Jong)

SC Hearrenfean hat sneon de earste seizoensoerwinning helle. Yn it eigen Abe Lenstra stadion waard NAC Breda mei 3-1 ferslein.

Hearrenfean kaam nei 40 tellen op in 1-0 efterstân. In flater fan Kenny Steppe op in skot fan Mathew Amoah. Mar de ploech fan Ron Jans toande fearkrêft en kaam troch twa doelpunten fan Bas Dost en in eigen doelpunt fan Kees Luijckx op in fertsjinne 3-1 foarsprong. Dêrmei wie de earste seizoensoerwinning in feit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)