Earste winst Flyers

31 des 2006 - 13:27

De iishockeyers fan de Vadeko_Flyers hellen sneontejûn de earste oerwinning yn 'e kompetysje. Op it eigen iis waard Tilburch mei 3-0 ferslein. Opfallend wie dat Jacco_Landman wer meidie by de Flyers. Landman wie nei it ôfrûne seizoen opholden mei top-iishockey, mar waard frege om werom te kommen.

De Flyers ha ek noch in nije spiler oanlutsen: de 24-jierrige Finske oanfaller Markus_Ojala.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)