Earste winst Andries Weening

26 maaie 2011 - 22:19
  • Andries Weening (foto: awfoto.nl)
  • Sipke Zijlstra (foto: awfoto.nl)

Andries Weening hat de earste oerwinning yn syn karriêre binnen. De 25-jierrige broer fan Pieter wûn it kritearium fan Gerkeskleaster, de earste wedstriid fan de Pompeblêd twadaachse. Yn it foarlêste rûntsje, mei in dikke reinbui, gong de turbo der by Weening op. Hy liet Folkert de Haan (2e), Sipke Zijlstra (3e) en Tjeerd van der Schaaf (4e) achter him.

Sipke Zijlstra wie de grutte animator fan de koers. De Burgumer naaide fuort nei de start mei Van der Schaaf út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)