Earste wetter yn akwadukt Drachtsterwei

10 apr 2015 - 12:58

Ljouwerter skoalbern hawwe freedtemoarn mei amers it earste wetter yn it nije M.C. Escher-akwadukt rinne litten. Ek is in koker mei geheimen fan skoalbern deryn nei de súdlike wetterbak brocht. De 'geheimekoker' wurdt montearre yn de wand fan de bak.

Doel is om de kommende dagen mei pompen de súdlike wetterbak folrinne te litten sadat skipferkear nije wike tiisdei wer ûnder de súdlike fêste brêge trochfarre kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)