Earste wetter streamt de nije Drachtsterfeart yn

20 feb 2015 - 11:52
  • It foljen is in healjier earder as pland

It wetter streamt sûnt freed it twadde diel de Drachtsterfeart by Drachten yn. Freedtemoarn waard symboalysk de earste plasse wetter yn de feart smiten mei help fan in kraan. De kommende dagen wurdt de rest fan it wetter troch in smelle buis de feart ynlaat. Doel is dat de Drachtsterfeart sa stadichoan fol rint. Tiisdei moat it lêste stikje feart fol wêze.

It foljen fan de feart is rom in healjier earder as pland. Undernimmers dy't oan de feart sitte, binne bliid. Sy hawwe in soad oerlêst hân fan de bouwurksumheden en rûnen sa klanten mis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)