Earste wedstriden op natoeriis

08 des 2002 - 00:00

De earste koartebaan-riderijen op natoeriis binne moandei al. De manlju kinne har ynskriuwe foar wedstriden yn Haulerwyk(middeis) en Oldelamer(jûns), de froulju foar wedstriden yn Ulesprong en Steggerda. De earste riderijen begjinne moandeitemiddei om ien oere.

Ynskriuwe kin oant alve oere moarns, foar de jûnswedstriden yn Oldelamer en Steggerda kin oant 18.00 oere ta ynskreaun wurde. Riedplachtsje foar mear ynformaasje ús iisaginda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)