Earste Waadfûnsjild útkeard

24 apr 2008 - 12:02
  • jild út Waadfûns foar natuerprojekten

It Fryske_Gea en Wetterskip_Fryslân krije jild út it Waadfûns. It is it earste jild út it Waadfûns dat útkeard wurdt. It Fryske_Gea krijt jild foar it projekt Bildtpollen. Yndykte kwelder komt ûnder ynfloed fan seewetter troch in iepening yn de bûtendykse simmerkade, sadat eb en floed tagong krije ta it gebiet.

It Wetterskip krijt jild foar it projekt Hallumer_Ryt. Swiet wetter streamt dêrby út de Fryske boezem troch de seedyk oer it Noarderleech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)