Earste Wâldpyk streekprodukt

30 nov 2011 - 17:42

De Súdlike Fryske Wâlden krijt in eigen lanlik erkent streekprodukt. It giet om de selsmakke blauwe beien mei fliekrûdjam. It wurdt makke op beiekwekerij Allardsoog yn Bakkefean. De jam krijt it streekkeurmerk Wâldpyk. Dat stiet foar kwaliteit út de Fryske Wâlden.

Deputearre Sietske Poepjes sil ynkoarten it sertifikaat dêrfoar útrikke. Dêrmei wurdt oanjûn dat it produkt yngrediïnten út de streek hat en dat it dêr ek produsearre wurdt op in duorsume wize.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)