Earste útoerwinning foar SWS

06 okt 2013 - 16:09

Snits Wyt Swart hat snein de earste útoerwinning fan it seizoen pakt troch mei 4-1 te winnen fan Quick '20. Freerk de Jong iepene de skoare. In reade kaart soarge dat Quick '20 mei 10 man fierder moast. Mark Homme van der Veen profitearre optimaal troch de frije traap binnen te sjitten.

Nei rêst brocht Tjeerd Andringa de Snitsers op 3-0. Quick '20 mocht wat werom dwaan, wêrnei't in rumoerige slotfaze ûntstie. Khalid Yahoui krige in reade kaart en de wedstriid waard sels noch efkes stillein. Age Hains Boersma tekene foar de einstân

Troch de oerwinning is Snits Wyt Swart de nije koprinner yn de sneinshaadklasse C. Nije wike nimt de ploech fan Johan Groote it thús op tsjin MSC út Meppel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)