Earste trouwerij op middenstip yn it Abe Lenstrastadion

29 maaie 2015 - 07:53
  • It Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean

Adriana Reitsma en Gaatze de Graaf boaskje freed op in plak dêr't noch nea in stel troud is: op de middenstip fan it Abe Lenstrastadion. Se binne supporter fan SC Hearrenfean en wolle graach op de middenstip trouwe.

Stadionspeaker Jouke de Vries sil in rol by spylje by de trouwerij. Hy is sûnt koart beëdige as bûtengewoan amtner fan boargerlike stân, en sil oer de lûdsynstallaasje fan it stadion de troubelofte ôfnimme. Foar De Vries is it ek in bysûnder momint: it is it earste houlik dêr't er op dy manier by belutsen is.

In pear wiken lyn troude it earste stel op de middenstip fan it Cambuurstadion

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)