Earste taksateurs it lân yn foar mûzeskea

20 feb 2015 - 15:44
  • Taksateurs besjogge de skea fan de mûzepleach
  • De mûzeskea wurdt taksearre

De earste taksateurs binne yn opdracht fan it Faunafûns freed op 'en paad gong om de mûzeskea by de boeren yn kaart te bringen. De boeren sels rûze de skea op 80 miljoen euro. De taksaasje is wichtich, want dêrnei kinne de boeren oanspraak meitsje op goedkeape lienings fan de provinsje.

Mooglik komt it Ryk ek noch yn beweging mei wat ekstra help. Freed waard it offisjele startskot jûn foar de taksaasjes, mar it echte wurk set pas moandei útein. De taksateurs ferwachtsje sa'n tsien dagen nêdich te hawwen om dy klus te út te fieren.

It oantal boeren dat him mei skea melden hat, is yntusken oprûn nei sa'n tûzen. Der binne fyftjin oant tweintich taksateurs aktyf. Der komt noch in twadde taksaasje foardat de earste kij de greide yngean of de earste sneed gers fan it lân helle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)