Earste supporters te plak

29 sep 2013 - 13:22
  • Bussen fol Cambuurfans komme oan by it stadion
  • Supporters foar it Abe Lenstrastadion

De earste bussen mei Cambuursupporters binne oankaam by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. De bussen ride yn fjouwer groepen fan acht bussen oer in ôfskermde rûte nei it parkearplak by it stadion, dat ôfset is mei stekken.

Alle 1222 supporters rinne dêrnei troch in 'slûs' om yn it útfak yn it stadion te kommen. Sa wurdt besocht ûnrêst tusken beide supportersgroepen foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)